GPTV wreidet flink út

GPTV is no yn 20 Fryske gemeenten te ûntfangen
De kommersjele televyzjestjoerder GPTV út Harns is tenei yn 20 Fryske gemeenten op 'e kabel te ûntfangen. Heit en soan Gerstel ha de kabelkrante NieuwsTV oernommen. Dêrtroch is it tal kabeloanslutings groeid fan 17.000 nei 160.000.
Earst stjoerde GPTV allinnich út yn Harns en twa buorgemeenten. Yn novimber ferline jier kamen dêr njoggen gemeenten by yn it súdwesten fan Fryslân.