Beswier haven Driewegsluis

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Weststellingwerf dy't beswier makke ha tsjin de oanlis fan de passantehaven by Driewegsluis krije tongersdei de kâns dat ta te ljochtsjen. De gemeente behannelt by in harksitting 35 beswierskriften.
De measte beswiermakkers tinke dat der gjin ferlet is fan in gruttere haven by Driewegsluis. Boppedat fine se dat de oanlis ta skea giet fan de natuer. De útkomsten fan de harksitting wurde yn maart behannele yn de ried.