Wimpelferkeap rint as it spoar

© Omrop Fryslân
De donateursaksje fan de Marrekrite is in grut sukses wurden. It rekreaasjeskip bestiet dit jier 50 jier. Dêrom sette de Marrekrite op de wettersportbeurs Boot Holland útein mei ûnder oaren in donateursaksje.
Der wie rekkene op in stik of 50 donateurs mar it waarden der mear as 350. It giet meinammen om boatsjebesitters dy't net lid binne fan in wettersportfieriening. Dy keapje meastal wol in wimpel.