Flyers ferlieze fan Tilburg
De Vadeko Flyers hawwe woansdeitejûn mei 5-3 ferlern fan 'e Tilburg Trappers. Nei in betide goal fan de Flyers kamen de Trappers gau op in 3-1 foarsprong en dat joegen se net mear út hannen.
De Flyers steane no fjirde mei ien punt mear as de nûmer fiif Nijmegen, Dy ploech hat in wedstryd mear spile. De Feansters moatte, mei noch fjouwer wedstriden te gean, fjirde bliuwe om de play-offs te heljen.