Fryske Ja Zuster, Nee Zuster

Ja Zuster, Nee Zuster wurdt Ja Suster, Nee Suster. Toanielferiening Halbertsma út Wergea bestiet 135 jier en dêrom komt der in Frysktalige fersje fan it stik Ja Zuster, Nee Zuster.
De toanielferiening hat as earste amateurtoanielselskip de rjochten fan it stik fan Annie M.G Schmidt en Harry Bannink. Johan van der Veen fan it ferneamde duo 'Twarres', sil ien fan de haadrollen spylje.