Spannende kampanje foar D66

14 feb 2007 - 16:18

De efterstannen yn it Fryske ûnderwiis moatte fuortwurke wurde en it iepenbier ferfier yn Fryslân moatte betelber bliuwe. Mei dy punten is D66 woansdei de kampanje foar de steateferkiezings begûn.

De kommende trije wiken sil D66 mei in boat de âlde stêden del. As it net slagget in sit yn de Steaten te heljen, dan betsjut dat it ein fan de partij yn Fryslân. Yn de gemeenterieden docht D66 net mear mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)