Menameradiel fernijt webside

De nije website fan Menameradiel
Nei in strieminne beoardieling hat de gemeente Menameradiel sûnt woansdei in nije webside. Ein ferline jier die út ûndersyk bliken dat de Menamer side ien fan de minsten wie fan alle gemeentlike websides yn hiel Nederlân.
De nije side hat in soad wei fan de âlde, mar dan mei nijere foto's. Hielendal klear is de side noch net, want by it doarp Deinum stiet in foto fan tsjerke fan Dronryp en net de bekinde sipel op de toer.