'Lasergun te min bewiis'

Automobilisten dy't troch de plysje mei in lasergun bekeurd binne foar te hurd riden, kinne mooglik ûnder de boete út. Dat stelt it advokatenkantoar Anker en Anker yn Ljouwert.
Dizze moanne waard in Drintse klant fan it kantoar frijsprutsen, neidat de plysje him pakt hie foar te hurd riden. De plysje hie nei litten de mjithoeke fan de lasergun yn it proses-ferbaal op te nimmen.