Oanpak yllegale kampearders

Koarnwertersân
De gemeente Wûnseradiel wol definityf ôf fan yllegale kampearders by Koarnwertersân en Makkum.
It kolleezje freget oan de ried om de regels sa by te stellen dat it kampearen yn de jûntiden strafber wurdt. Earder dit jier sette de gemeente by Koarnwertersân in slachbeam del, om kampearders tsjin te hâlden. Dy maatregel helpt lykwols net.Kampearders wike no út nei in oare lokaasje.