Ryksamtners fiere aksje

Sa'n 600 ryksamtners út Fryslân fiere hjoed aksje op it Maliefjild yn Den Haach. It giet dan om minsken fan bedriuwen lyk as de finzenis, Rykswettersteat, de belestingtsjinst en it justysjeel ynkasso buro.
De amtners fiere aksje foar in heger lean fan 2,5%. Se sille ek in besite bringe oan it ministearje fan Binnenlânske Saken, mei it fersyk oan minister Remkes om op de easken fan de aksjefierders yn te gean.