CU: Fryske sporten op it CIOS
Der soe gau in dosint Fryske sporten komme moatte by sportoplieding CIOS op it Hearrenfean. Dat wol de Fryske ChristenUnie. De dosint soe ien dei yn de wike les jaan moatte yn sporten as keatse en fierljeppe.
De ChristenUnie fynt dat de provinsje jildt beskikber stelle moat foar sa'n dosint Fryske sporten.