Trije ferwûnen by Wolvegea

Heerenveenseweg © Google Maps streetview
By in ûngelok op de Heerenveensewei yn Wolvegea binne tongersdeitemiddei trije minsken ferwûne rekke. In 41-jierrige autobestjoerster út Wolvegea seach te let dat it ferkear foar har stil stie. Dêrtroch ûntstie in kop-sturt-botsing mei yn totaal trije auto's.
De 41-jierrige frou rekke ferwûne by de botsing. In 27-jierrige man út Steggerda en in 20-jierrige frou út Wolvegea rekken ek ferwûne. Alle slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.