Ungelok op A31

12 feb 2007 - 17:37

Op de A31 tusken Frjentsjer en Marssum by Dronryp hat moandeitemiddei in ûngelok plakfûn. Der ûntstie grutte skea troch fallende lading. In reklameboerd foel fan in oanhinger en skansearre fiif auto's.

Twa automobilisten binne mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. It is noch net dúdlik wa't de lading ferlern hat. De plysje siket kontakt mei de eigner en minsken dy't sjoen ha wat der bard is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)