Mear ferset tsjin kampus

De stifting Staten en Stinzen is tsjin de komst fan in ynternaat foar bern mei learproblemen yn Harich. Dy Wyldemerk Kampus is plend op it terrein fan de âld-gersdroegerij by Harich, foar it lânguod Kippenburg oer. Neffens de stifting foarmet it ynternaat in bedriging foar de wearde fan it lânguod.
Tiisdei bûcht de gemeenterie him oer it plan. De stifting wol foar dy tiid noch om de tafel mei de wethâlder.