Ireen Wüst wrâldkampioene

11 feb 2007 - 14:48

Ireen_Wüst is sneintemiddei yn Thialf op It Hearrenfean wrâldkampioene reedriden allround wurden. De 20-jierrige Brâbanske (mei Fryske foarâlden) joech op de 5000 meter har opboude foarsprong net mear út hannen. Se waard tred op dy ôfstân.

De Dútske Anni_Friesinger, dy't yn Dearsum wennet, wûn sulver. It brûns gong nei de Kanadeeske Cindy_Klassen. Foar Ireen_Wüst is dit de earste wrâldtitel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)