Rydbewizen yn beslach naam

© Omrop Fryslân
De rydbewizen fan twa Friezen binne it ôfrûne wykein yn beslach naam. De beide manlju hiene tefolle dronken. De ien, in 39-jierrige Frjentsjerter, waard pakt by in kontrôle op de Tsjommerwei yn syn wenplak. Hy hie trije kear safolle dronken as tastean is.
In 21-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden oan de Nijewei yn Ljouwert. Hy hie twa kear safolle dronken as wetlik mei.