Fernielings troch fuotbalfans

© Omrop Fryslân
Fans fan fuotbalklup Vitesse ha sneon by in winkel oan de Fleismerk op It Hearrenfean fernielings oanrjochte. De groep skopte in horloazjekast om.
Doe't de eigner dêr wat fan sei, krige er in blikje drinken tsjin de holle oan smiten. De plysje hat tegearre mei de winkeleigner noch socht om de dieders mar dy waarden net fûn. Fierder wie it in rêstige fuotbaljûn. Beide klups, SC_Hearrenfean en Vitesse spilen gelyk, de brilstân. 0-0 dus.