Fytser ferwûne yn Boalsert

11 feb 2007 - 14:19

In 48-jierrige hurdfytser fan Boalsert is sneon ferwûne rekke by in oanriding. De fytser waard op de Snitserwei yn syn wenplak skept troch in auto.

De 70-jierrige bestjoerder hie krekt tankt en woe fuort ride. De fytser foel oer de motorkap hinne tsjin it autorút. Hy is mei nekletsel oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)