Kontenerbrannen Kollumersweach

23 mrt 2012 - 10:11

De plysje docht ûndersyk nei it yn 'e brân stekken fan konteners yn Kollumersweach. Fannacht krigen de plysje en de brânwacht in melding oer in kontenerbrân oan de Kastanjehôf. Dêr die bliken dat der twa konteners yn brân stiene. Buertbewenners hiene it fjoer al hast út, doe't de brânwacht oankaam.

Yn de Beerdastrjitte, Saedkampe en de Vogelsangstrjitte waarden ek konteners yn 'e brân stutsen. Yn de Beukerstrjitte wiene ferskatte konteners omskopt.

Trefwurden: 
brân kontener Kollumersweach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)