Minder wurkleazens Eastst.werf

© Omrop Fryslân
It tal wurkleazen yn de gemeente Eaststellingwerf is ferline jier flink omleech gong. Foar it earst sûnt jierren leit it persintaazje ûnder de 10 persint. Wie dat begjin 2006 noch goed 11%, ein ferline jier wie dat 9%.
De ôfrûne tsien jier hie Eaststellingwerf altyd sa'n 11 persint wurkleazen. De gemeente sil him de kommende 4 jier rjochtsje op it noch fierder werombringen fan it tal wurkleazen.