Alves wikenlang útskeakele

11 feb 2007 - 12:04

SC_Hearrenfean moat it de kommende tiid dwaan sûnder Afonso_Alves. De topskoarer fan de Nederlânske earedivyzje rekke yn de wedstriid tsjin Vitesse blessearre oan de knibbel. De Braziliaan is nei alle gedachten 4 oant 6 wike útskeakele.

Snein meldt Alves him yn it sikehûs. Dan wurdt besjoen hoe grut de skea is oan de linkerknibbel. It fenomeen fan Belo Horizonte hat dit seizoen al 22 doelpunten makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)