'Waadmafia tsjin mokselkweken'

11 feb 2007 - 11:46
Foto: Omrop Fryslân

De saneamde 'Waadmafia' hat it mokselkweken ûnmooglik makke foar de lêste mokselman fan it Noard-Hollânske Wieringen. Gerrit ten Bokkel (44) moast yn jannewaris in punt achter syn wurksumheden sette.

De miljeuklubs en ek it ministearje fan Fiskerij ha neffens Ten Bokkel it kweken fan moksels yn de Waadsee ûnmooglik makke. Der leit genôch, mar troch de fangstbeheining meie de kwekers der net oankomme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)