Auto klapt op fangrail op A32

© Omrop Fryslân
Op de A32 tusken Ljouwert en It_Hearrenfean is freed in auto op 'e fangrail botst. By Haskerdiken waard in 25-jierrige Hearrenfeanster yn syn auto ôfsnijd troch in sulvergrize bestelwein. De bestjoerder fan de auto kaam op de flechtstripe telâne, koe de auto net mear hâlde en klapte op de fangrail.
De bestelwein naaide_gau_út. De plysje siket tsjûgen fan it ûngeluk. It barde freedtemiddei krekt nei fjouweren.