Reedrydfan falt fan boarding

10 feb 2007 - 13:21
Foto: Omrop Fryslân

In 24-jierrige frou fan Hazerswoude is freedtejûn ferwûne rekke doe't se yn iisstadion Thialf fan 'e balustrade foel. De frou hie tefolle dronken en woe it iis op. Dêrop klom se oer de boarding en foel se oardel meter nei beneden mei har holle op it beton.

De frou is ôffierd nei it sikehûs op It_Hearrenfean. Se klage oer pine yn'e nekke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)