Feestlike iepening De Wâldsang

10 feb 2007 - 13:11
Foto: Omrop Fryslân

Streekmuzykskoalle De_Wâldsang yn Bûtenpost is sneon feestlik iepene. De skoalle waard yn 1999 by it Lauwerskolleezje oanboud, mar fanwege lûdsoerlêst en krapte moasten de nije lokalen by. Dy ekstra romten waarden sneon feestlik yn gebrûk nommen.

De iepening waard ferrjochte troch bestjoerders fan de fjouwer gemeenten dêr't de learlingen weikomme. Se komme út Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel en Kollumerlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)