1500 boetes op N31 by Harns

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei en freed by kontrôles op de wei Harns-Surch 1500 automobilisten op 'e bon slingere. Fanwege wurk oan de dyk mei dêr net hurder riden wurde as 70 km yn 'e oere. Goed tûzen automobilisten diene dat tongersdei wol. Freed kamen der noch ris fiifhûndert oertreders by.
Mei-inoar waarden sa'n 8500 auto's kontrolearre troch de radar fan de plysje.