Akkrumer ferwûne by sjitpartij

© Omrop Fryslân
In 40-jierrige Akkrumer is freedtejûn ferwûne rekke by in sjitpartij yn in rekreaasjewente oan de Kwekerijwei yn Reahel. De man is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.
In 42-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak melde him in oere nei it sjitynsidint by it plysjeburo. Fan de man is in fjoerwapen en de auto yn beslach naam. It is net krekt dúdlik wat it motyf wie fan de sjitpartij.