Nije hallen Bolk Haulerwyk

© Omrop Fryslân
By konstruksjebedriuw Bolk yn Haulerwyk binne freed twa nije produksjehallen yn gebrûk nommen. Dat barde yn bywêzen fan boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf. Bolk makket metalen konstruksjes foar loadsen en gebouwen. Troch de nije hallen is de produksjekapasiteit mear as ferdûbele.
De lêste tiid is it bedriuw al flink groeid. Sân jier lyn wurken der noch sawat 5 minsken, no al 20.