Oerdekt wetterpark by Aqua Zoo

© Omrop Fryslân
Bistepark Aqua_Zoo yn Ljouwert wol in grut oerdekt wetterpark bouwe. Dêr moat in wetterrestaurant yn komme en kinne besikers sjen hoe't Fryslân der útsjocht as it der ûnderstrûpt. De nije attraksje krijt de namme Akwarama.
Foar de bou sil 3600 fjouwerkante meter fan it besteande perkearterrein yn beslach nommen wurde. De kosten bedrage alles mei-inoar acht miljoen euro.