MCL makket ek jûns MRI-scans

09 feb 2007 - 11:57
It MCL jout tenei ek jûns en wykeins mooglikheid om in MRI-scan te meitsjen

Pasjinten dy't foar in MRI-scan nei it sikehûs moatte, kinne tenei ek op_jûntiden en yn it wykein telâne yn it MCL yn Ljouwert. It MCL docht dat omdat der lange wachtlisten binne.

Doktoaren kieze der hieltyd faker foar om pasjinten troch te ferwizen nei de MRI.De ferwachting is dat de belangstelling foar de scans allinnich mar tanimme sil. Yn 2008 skaft it MCL mooglik in ekstra MRI-apparaat oan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)