Gemeente set Wyldemerk troch

it plak fan de gersdroegerij, dêr't de 24-oers skoalle komme moat
Boargemaster en wethâlders fan Gaasterlân-Sleat hâlde fêst oan it foarstel om yn Harich in 24-oers-skoalle te bouwen. Ofrûne moandei wie der in ynspraakjûn oer de komst fan de skoalle. Doe is praat oer de foar- en neidielen fan de skoalle. B_en_W hawwe dochs besletten fêst te hâlden oan it foarstel. Dêryn wurdt meiwurking ferliend oan it wizigjen fan it bestimmingsplan. De ried nimt nije wike tiisdei in beslút.