Beswier nijbou Gerkeskleaster

© Omrop Fryslân
De bou fan in fjouwertal nije húzen yn it útwreidingsprojekt Alde Feart Gerkeskleaster-Stroobos soarget foar protesten fan omwenners. Trije minsken hawwe beswier makke tsjin de komst fan de wenten.
De beswiermakkers binne benaud dat de nije wenten foar in soad ekstra ferkearsdrokte en ûnfeilige situaasjes op de dyk soargje. De gemeente is it lykwols net mei harren iens en hat de klachten ôfwiisd.