Nijs streekargyf yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Oan de Brokmui yn Dokkum is tongersdei in begjin makke mei de nijbou foar it streekargyf fan Dongeradiel, Amelân en Skiermûntseach.
De nijbou is nedich, omdat de hjoeddeiske romte oan de rûnwei yn Dokkum te lyts is. Ek foldocht it net oan de easken fan in modern argyf. Troch de nijbou te kombinearjen mei de ferbouwing fan de biblioteek hopet de gemeente Dongeradiel dat it nije gebou it kennissintrum foar it noarden wurdt.