Lang om let snie yn Fryslân

Snie, mar noch net folle
Rykswettersteat en it KNMI joegen foar tongersdei in snie-alarm ôf foar hiel Nederlân. Yn Fryslân like it wol wat ta te fallen. Earst om in oere as fiif begûn it te krôkjen.
It waaralarm like wat oerdreaun, mar de ynstânsjes sizze dat it Noarden noch wol wat te wachtsjen stiet. Der wurdt 5 oant 10 sintimeter snie ferwachte. Rykswettersteat hat previntyf struid en by Omrin leit it struisâlt klear.