'Troelstrasamling moat werom'

De riedsfraksje fan PAL/Grien Links yn Ljouwert fernuvert him deroer dat de literêre neilittenskip fan Piter Jelles Troelstra net mear yn Ljouwert is. Yn Ljouwert wie gjin romte mear foar de Troelstrasamling. It guod leit dêrom no yn in depot yn Grinslân.
PAL/Grien Links wol witte oft boargemaster en wethâlders in konkreet foarstel dwaan kinne om de Troelstrasamling in plak te jaan yn Ljouwert. De grutte skriuwer wurdt neffens de partij no te min yn eare hâlden.