Stemwijzer ek foar Fryslân

08 feb 2007 - 14:15

Op www.stemwijzer.nl kin no ek de miening peild wurde foar de provinsjale ferkiezings fan 7 maart. Foar elke provinsje is in stimwizer makke. Dy foar Fryslân is twatalich Frysk en Nederlânsk.

De earste stelling is: De provinsje moat de boargers faker om harren miening freegje en om dy reden faker in referindum hâlde. Oare saken binne gruttere jachthavens, in ferbod op jeien foar de wille en de sneinsrêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)