Jildaksje by opfang Wytmarsum

08 feb 2007 - 12:03

It bestjoer fan 'e needopfang yn Wytmarsum wol jild ynsammelje foar de organisaasje. It giet om in saneamde 'smeek-aksje'.

De opfang foar asylsikers is hast fallyt. Der is op dit stuit in skuld fan 70.000 euro. Mei it oanskriuwen fan donateurs, gemeenten en maatskiplike organisaasjes moat der 2 ton op it kleed komme. Der hawwe al ferskate eardere jildaksjes west foar de opfang yn Wytmarsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)