Previntyf struie foar snie

Der komt snie oan (hjir in argyffoto)
Rykswettersteat hat twa 24-oereploegen paraat foar de sniefal fan tongersdei. De organisaasje ferwachtet de snie net earder as in oer of seis jûns. Der is previntyf ek al struid.
It KNMI kundige woansdeitejûn in waaralarm ôf, it tredde fan dit jier. Sa'n alarm wurdt jûn mei ekstreem waar, lykas in soad snie yn koarte tiid, izel, stoarm of swier ûnwaar. In warskôging soe problemen tefoarenkomme.