Wengroep âlderein tichtby

© Omrop Fryslân
De earste wengroep foar alderein yn Snits kin mooglik dit jier al úteinsette. De plannen binne al seis jier âld en komme by Wenningstifting De Wieren wei. Dy lit 39 apparteminten bouwe oan de Scherhermstraat. De bou sette woansdei offisjeel útein mei it slaan fan de earste peal.
Fan de 39 apparteminten geane der 19 nei de wengroep. De rest is foar sawol âlderein as jongerein bûten de wengroep om.