Stiennen falle fan huzen

De gemeente Tytsjerksteradiel hat in diel fan it terrein fan trije appartemintekompleksen yn Burgum ôfset. Fan 'e apparteminten wiene in stik as fjouwer bakstiennen nei ûnderen ta fallen. De bewenners kinne gewoan yn har hûs bliuwe.
Nei alle gedachten binne de apparteminten oan 'e Tuorrebout net goed mitsele. Dat moat no hersteld wurde. De apparteminten binne sawat trije jier ferlyn boud.