Dúdlikens oer teatertún Riis

07 feb 2007 - 16:05

De Teatertún yn Riis mei alles organiseare, útsein grutskalige muzykeveneminten. Dat hat de Raad van State woansdei bepaald.

De Raad hat him bûgd oer it bestimmingsplan foar it bûtengebiet fan Gaasterlân-Sleat. Dêryn stie net dúdlik wat allegear al of net tastien is foar de Teatertún. Dêrtroch koene omwenjenden tsjin elk evenemint beswier meitsje. En dat diene se ek. De gemeente hopet dat dat no dien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)