Befeiligingsbedriuw op Skylge

Skylge © Omrop Fryslân
Skylge krijt in eigen befeiligingsbedriuw. Bas Boelhouwer fan Skylge hat it bedriuw VTC security opset. Hy hat tsien eilanners ynhierd dy't ynset wurde by kroegen en eveneminten op it eilân.
Foar it oplieden fan de minsken en it oanskaffen fan apparatuer hat it bedriuw goed 20.000 euro subsydzje krigen fan de provinsje. Boelhouwer hat as eilanbewenner in oare fyzje op befeiligjen as minsken fan it fêste lân. Om't hy ien fan har is tinkt hy de eilanners better begripe te kinnen.