Nijbou by kantoar wetterskip

It haadkantoar fan it wetterskip
It bestjoer fan Wetterskip Fryslân stelt 450.000 euro beskikber foar de nijbou by it haadkantoar yn Ljouwert. Omdat in soad distrikten by de reorganisaasje opheven wurde, krije meiwurkers fan dy distrikskantoaren har wurkplak yn Ljouwert.
Op dit stuit is der net foar elkenien romte yn it haadkantoar. Sa'n hûndert meiwurkers wurde dêrom tydlik ûnderbrocht yn kantoargebou Crystallic, tsjinoer it haadkantoar.