Jong Oranje fan De Haan wint

07 feb 2007 - 10:34

Bûnscoach Foppe de Haan hat tiisdeitejûn mei Jong Oranje de ynterlân tsjin Jong Ruslân wûn, mei 3-0. Yn it alvetal fan De Haan hie Hearrenfeanspiler Calvin Jong-a-Pin in basisplak as linksback. De krekt oan AZ útliende Boy Waterman stie op goal.

De doelpunten fan Nederlân waarden makke troch Bakkal (twa kear) en Rigters. Jong Oranje spile de oefenwedstriid as tarieding op it Jeugd EK, kommende simmer yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)