Ferset tsjin Lauwersmar-plan

Sâlt wetter yn de Lauwersmar?
De CDA-fraksjes yn Dongeradiel en Kollumerlân fine dat Provinsjale Steaten tsjin it plan stimme moatte om sâlt wetter yn de Lauwersmar te litten. De kosten binne te heech, fine se.
Se foarsjogge swierrichheden foar de wetterhúshâlding yn de provinsje, de bouboeren yn de omkriten en de feiligens fan de seediken. Deputearre Steaten is ferdield oer it tastean fan it tij yn de Lauwersmar.