Bûserôlers oanholden

© Omrop Fryslân
Trije froulju út Frankryk binne moandei yn Snits oanhâlden foar stellerij yn Ljouwert. Yn in winkel op de Nijstêd waard by in frou de beurs út de tas stellen. It slachtoffer gie op syk nei de froulju dy't se dêr fan fertocht en trof dy yn in oare winkel.
De fertochten giene der fan troch doe't se herkend waarden en wisten te ûntkommen yn in auto. Omdat it kenteken bekend wie, koe de plysje de froulju letter yn Snits oanhâlde.