Kuorbalhal yn Drachten

06 feb 2007 - 22:08

Drachten krijt in kuorbalhal. De gemeente Smellingerlân en de Stichting Korfbal Accomodatie binne it dêr iens oer wurden. Der is tsien jier ûnderhanneljen oan foarôf gien.

De hal komt op it kompleks oan de Sportlaan, tusken it keatsfjild en de kuorbalfjilden. Ut ûndersyk fan de gemeente hat bliken dien dat de nije hal net ta skea giet fan de oare sporthallen yn Drachten. De nije akkomodaasje kostet 900.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)