Jukema frege foar Ofslútdyk

06 feb 2007 - 16:19
Foto: Omrop Fryslân

Nynke-Rixt_Jukema út Ljouwert is ien fan de trije jonge arsjitekten dy't neitinke sille oer de Ofslútdyk. It atelier Rijksbouwmeester, de ryksadviseur foar de ynfrastruktuer yn Nederlân, hat neist Jukema twa jonge arsjitektenburo's út Rotterdam benadere.

Dy sille in fyzje opstelle oer ûnder oare de opheging fan de dyk, wurksumheden by it monumint en de nije slûzen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)