Gauke Nijholt út de sport

Henk Angenent en Gauke Nijholt (foto Martin de Jong)
Ploechlieder en trainer Gauke_Nijholt hâldt dermei op. De no 69-jierrige ynwenner fan It_Hearrenfean makke dat tiisdei bekend. Op dit stuit is Nijholt foar it fjirde jier yn tsjinst fan it TNT_Express-maratonteam. Yn dy ploech rydt ek de lêste Alvestêdetochtwinner Henk_Angenent.
Earder wie Nijholt trainer fan it Gewest_Fryslân fan 'e KNSB, coach fan de sprintkearnploech en ploechlieder by ferskate hurdfytsploegen.