Learbaanprojekt rint op 'e non

06 feb 2007 - 14:46

De ambysje fan de gemeente Ljouwert om 300 jongeren oan in learbaan te helpen driget op neat út te draaien. Dêrfoar warskôget foarsitter Hans_de_Boer fan de Taskforce_Jeugdwerkloosheid.

Lanlik wol it ek net mei de ambysjes fan de 35 grutte gemeenten. Der binne no 239 jongeren bemiddele fan de 13.000 lykas it doel wie. Neffens De_Boer wurkje der te folle minsken oan it projekt en is it úndûdlik hokker jongere in baan hawwe moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)